Fan herte wolkom op Dat wie doe sa!

In side mei ynformaasje foar aktiviteitebegelieders yn soarchsintra, mantelsoargers en bern fan âlderen. Mei ferhalen, gedichten, sprekwurden dy't âlderen oansprekke. Tips mei boektitels, resepten, âlde foto's en nijs en in aktiviteite-aginda. 



       De Datwiedoesa-koffer 



Foar it earst in koffer mei Dat wie doe sa materialen!

Klik op de koffer foar mear ynformaasje en lês ek de earste reaksjes.   





It boek 'Sjonge & Spylje'
It seisde en lêste boek yn de rige, skreaun troch Baukje Wytsma en Akky van der Veer.

Yn it boek steane û.o. ynterviews mei in regisseuze, in draaioargelman, in basblazer en in diriginte. Mei gedichten, lieten en spultsjes. It boek wurdt presintearre by de masterklassen yn novimber.




De dvd fan it Fries Film Archief mei ûnferjitlike bylden oer de kulturele kant fan Fryslân: sjonge, aktearje, dûnsje en muzyk.
Klik foar it online bestellen fan in boek en/of de dvd op de ôfbylding. It boek en de dvd binne ek yn 'e boekhannels te keap.





It boek 'Sport'

Yn it boek steane û.o. ynterviews mei in âld-koartebaanrydster, in âld-keatser en in âld-aaisiker. Mei gedichten, lieten en spultsjes.



dvd 'Sport'
Fansels omtinken foar fierljeppen, keatsen en reedriden, wêrby't it Fryske sportevenemint fan alle tiden net ûntbrekke mei: de alvestêdetocht. Mar ek oare opnamen komme foarby sa as biljerten, aisykjen, gymnastyk yn 'e frije natuer en skûtsjesilen.   





It fjirde boek yn de Beltsjeblomrige hjit 'iten & drinken'. Mei ynterviews oer wat krigen de minsken yn Fryslân eartiids op har board en hoe belangryk wie de folkstún. Fansels steane ek resepten, gedichten, ferhalen en tips yn it boek.



dvd 'iten & drinken'
Dizze smaakfolle dvd jout in yndruk fan de Fryske ytkultuer fan eartiids. Mei bûten as op 'e boat picknicke, grutte húshâldings om 'e tafel en beppe keuken. 




                                       It tredde boek hjit FEEST! 

Yn dit diel ynterviews mei âldere minsken oer bysûndere feestlike dagen út harren bernetiid. Hokker kadootsjes krigen se? Hoe seagen harren feestklean der út? Wat waard der songen? Hoe belibben se de spannende dagen foar Sinteklaas? Hoe waard de krystbeam fersierd? Wat foar streken hellen se út mei Ald en Nij? En noch folle mear….



Ek de dvd 'Feest' fan it Frysk Film Argyf mei prachtige histoaryske opnamen is no te ferkrijen. Mei û.o. jierdeis, folksfeesten, brulloften, Keninginnedei en desimberfeesten. 






Bestel hjir út de Beltsjeblomrige it twadde boek 'Beroppen'.

Mei û.o. ynterviews mei in slachter, in boere-arbeider, in bakker, in baker, in smid, ferskes en noch folle mear...





dvd 'Beroppen'
15 prachtige filmkes oer û.o. de baakster, de slachter,
de mûnder en de bistedokter.




It earste boek 'Skoalle' út is útferkocht, mar op oanfraach te leverjen.

Yn it boek binne û.o. ferhalen, gedichten en fraachpetearen opnommen dy't de skoalletiid fan de âlderein fan no sintraal stelle.


De Beltsjeblomrige is ûntwikkele foar aktiviteitebegelieders en frijwilligers yn fersoargingstehuzen, mar like goed geskikt foar gebrûk bûten de âldereintehuzen. De rige is skreaun troch Baukje Wytsma en Akky van der Veer.

De Beltsjeblomrige bringt boeken op 'e merk dy’t âlderen prikelje ta reaksje.  Ferhaaltsjes, gedichten, foto’s en fraachpetearen beljochtsje it ûnderwerp fan alle kanten en jouwe oanlieding ta reaksje en ferhalen.

Aktiviteitebegelieders organisearje ferskate aktiviteiten foar bewenners fan soarchsintra. Sawol ûntspannings- as terapeutyske aktiviteiten. Talige aktiviteiten, lykas foarlêze, fertelle, libbensferhalen en in lêsgroepke, foarmje hieltyd in wichtiger elemint. By reminisinsje spylje sawol taal, byld as muzyk fan eartiids in wichtige rol.

In soad wille en wurkberens tawinske!